Betinking Rommy by Cambuur

Woansdeitejûn is der foar fans fan de ferstoarne sjonger Rommy Henstra in betinkingsbyienkomst yn it Cambuurstadion yn Ljouwert. Dat hat de famylje fan Rommy moandei bekendmakke. De jûn begjint om healwei achten. Tongersdei wurdt Rommy yn syn berteplak Twizelerheide yn besletten kring te hôf brocht.
De sjonger fan it libbensliet ferstoar snein op 57-jierrige leeftiid. Hy wie al in pear moanne siik.