Oerlis oer eksplodearre wente

23 apr 2007 - 16:05

Wenningkorporaasje Dongeradiel sil om de tafel mei buertbewenners fan it appartemintekompleks oan De Snikke yn Mitselwier. It oerlis hat as doel om te sjen wat der no mei it kompleks barre moat.

Yn maart waard it gebou troffen troch in gaseksploazje. Ien bewenner rekke dêrby ferwûne. Sûnt de eksploazje hat de korporaasje neat oan it gebou dien. Ien fan de fleugels stiet noch altiten leech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)