Provinsje: 'te min' jild útjûn

23 apr 2007 - 15:56

De provinsje hat ferline jier 380 miljoen euro útjûn. Dat hie lykwols noch 32 miljoen mear wêze moatten. Dat komt omdat in tal projekten net útfierd bine.

Fanwege it stopsetten fan Europeeske subsydzjes hat de provinsje besocht om oant dy tiid noch safolle mooglik Europeesk jild los te peuterjen. Dêrom binne in soad projekten yntsjinne, mear as eins útfierd wurde koene. Dat is no in jier opskood.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)