Soad banen fuort by Moffett

By it bedriuw Moffett yn Aldeleie ferdwine ein dit jier 50 fan de 80 banen. Moffett, it eardere Kooiaap, ferpleatst de produksje fan lytse heftrucks nei in festiging yn Ierlân.
De fakbûnen binne ferbjustere omdat de Fryske festiging better draait as de Ierske. Moandei praten de bûnen mei it personiel. Neffens de direksje falt it mei de gefolgen ta, omdat hjir in nij sintrum foar technyske stipe komt. Fan baneferlies wol de direksje net prate.