Nij beaken op Engelsmanplaat

23 apr 2007 - 11:27
Foto: Omrop Fryslân

Rykswettersteat sil op de Engelsmanplaat, tusken It Amelân en Skiermûntseach, in nij beaken delsette. Sûnt 1563 stiet der al in beaken op 'e sânplaat.

Mei de stoarm fan ferline jier novimber gie it beaken ferlern. It drenkelingehúske dat doe ek ferlern gie, komt net werom. It nije beaken wurdt nei de simmerfakânsje pleatst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)