Brân yn skoalgebou Ljouwert

Der hat fan moandeitemoarn brân west yn in leechsteande skoalle oan de Acaciastrjitte yn Ljouwert. It gebou, dêr't earder in bernedeiferbliuw yn siet, stiet op de nominaasje om sloopt te wurden. Der hie ek al earder brân yn west. De brânwacht hâldt rekken mei brânstifting.
By de brân is in frou dy't earder les joech yn de skoalle oanhâlden, omdat se foto's stie te meitsjen en dêrby net achter it lint stie.