Marcel Beima wint yn Dútslân

Marcel Beima (foto Martin de Jong)
Hurdfytser Marcel_Beima fan Hurdegaryp hat snein Rund um Düren wûn. Dat is in klassiker oer goed 160 kilometer mei in protte klimwurk yn de Dútske Eifel. De lêste twa kilometer ried hy allinnich nei de einstreek ta. Maint Berkenbosch fan Aldeberkeap waard fyfde.
Wim_Stroetinga, ek fan Aldeberkeap, waard snein tredde yn de Ronde fan Noard-Hollân. Yn de massasprint gong de winst nei Kenny_van_Hummel.