Bosman wint Omloop Snits

© Omrop Fryslân
Andrea Bosman fan Eindhoven hat sneintemiddei de 4e Omloop Snits-Súdwest Fryslân wûn. Bosman wie op de Singel yn Snits krekt rapper as de Poalske Pauline Brzezna en Moniek Rotmensen. De Friezinnen Josephine Groenveld en Bertine Spijkerman waarden sande en tsiende.
Marco Bos fan Roden wûn sneon de Ronde fan Súd-Fryslân. Hy wie yn Aldskoat de rapste fan in kopgroep. Fries om utens Folkert de Haan waard fjirde.