De Jouwer degradearret

22 apr 2007 - 16:32
De Jouwer-trener Henk Konings

Sportklub De Jouwer is degradearre út de sneinshaadklasse C. De Jousters ferlearen snein mei 4-1 fan SC Enschede. Nei in 2-0 rêststân makke Enschede sels 4-0. Oane Hornstra makke tsien minuten foar tiid noch in earetreffer. Mei noch trije wedstriden te gean, is it ferskil mei nûmer tolve Lienden te grut wurden.

Snits ferlear de útwedstriid tsjin Quick '20 mei 3-1. Kevin Koenen makke de 2-1.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)