Man (29) oppakt nei oanriding

22 apr 2007 - 15:29

De plysje hat sneontejûn in automobilist, in 29-jierrige man út Damwâld, oanholden. Hy wie trochriden nei in oanriding mei in oare auto op de Rûnwei by Feanwâlden. Tsjûgen hiene in part fan it kenteken opnaam en de plysje warskôge fia 112.

Nei in koart ûndersyk waard de auto fûn foar de wenning fan de fertochte. By syn oanhâlding die bliken dat de man ûnder ynfloed wie. Hy krige proses ferbaal en in rydferbod foar 12 oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)