Quad stellen yn Drachten

22 apr 2007 - 15:26

De plysje hat yn de nacht nei snein in 27-jierrige Drachtster oanholden op fertinking fan it stellen fan in quad, in lytse motorfyts op fjouwer tsjillen. Om 02.15 seagen plysjeminsken in groepke fan fjouwer by in quad op de Ikesingel. By it sjen fan de plysje naaide de groep gau út.

Ien fertochte koe letter oanholden wurde. Hy koe him net legitimearje. Op it buro joech er ta dat de quad stellen wie yn wyk De Drait.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)