Jonge (17) falt fan fiadukt
De plysje hat sneontenacht help ferliend by in ûngelok op de Warkumertrekwei by Boalsert. By in tunnel ûnder de A7 wie in 17-jierrige jonge út Tsjerkwert yn it selskip fan twa maten op it fiadukt klommen. De jonge wie derôf fallen.
Hy is mei meardere fraktueren oan de skonk oerbrocht nei it Antonius sikehûs yn Snits.