Syktocht giet net fierder

De blauwe boat mei dêrfoar dûkers (foto: JRF/Jaring Rispens)
De sykaksje by de Kanaalwei yn Harns nei in fermiste siler hat sneon neat opsmiten. Der waard sûnt sneontemiddei twa oere socht nei in jonge dy't mooglik yn it wetter bedarre wie.
De jonge (fan in jier as 15) fear sneon om in oere as 12 mei syn blauwe sylboat by de Kanaalwei. Letter waard de boat omslein fûn. It is ûndúdlik wat der bard is. Der wurdt snein net fierder socht. Neffens de plysje is sneon alles dien wat mooglik wie.