Muzikanten krije lintsje

22 apr 2007 - 11:29

Tsien muzikanten fan de keninklike kristelike muzykferiening ´Concordia´ fan Drylts hawwe juster in ûnderskieding fan de Nederlânske federaasje fan kristlike muzykkorpsen krigen. Dat barde by in konsert fan ´Concordia´. De muzykferiening fierde justerjûn syn 110-jierrich bestean.

Underoaren dirigint Jappie_Dykstra krige in ûnderskieding. Hy hat al 30 jier yn de muzyk aktyf west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)