Iepen dei trouseal Ljouwert

21 apr 2007 - 16:51

Troulustigen en oare belangstellenden koene sneon yn Ljouwert alfêst de trouseal besjen. Twa kear yn it jier is it Ljouwerter stedhûs iepen foar publyk. Dit kear is foar it tema trouwen keazen. It stedhûs is ien fan de plakken yn 'e gemeente Ljouwert dêr't troud wurde kin.

Der kaam sneon aardich wat folk op ôf. Undernimmers út de trousektor wiene dêr ek by om troujurken, blommen en ringen te toanen oan it publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)