Museum toant natuerprinten

21 apr 2007 - 16:06

Yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert is tenei alle simmers in part fan de 5000 stiks grutte kolleksje natuerprinten te sjen. Dat makke direkteur Koopmans freedtemiddei bekend by it ôfskie fan direkteur Harry Wijnandts.

Yn syn achttjin jier by it museum wie Wijnandts ferantwurdlik foar it sammeljen fan de foar Nederlân unike kolleksje natuerprinten. Op 29 juny set de útstalling út ein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)