Fryslân wol topsportsintrum

21 apr 2007 - 15:36
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje wol mei de gemeente It_Hearrenfean besykje om in Sintrum foar Topsport en Underwiis nei Fryslân te heljen. Dat skriuwe Deputearre Steaten yn antwurd op fragen fan Steatelid Hijlkema fan de PvdA.

De sportkoepel NOC/NSF is fan doel twa topsportsintra op te rjochtsjen. It provinsjebestjoer tinkt dat sa'n sintrum goed is foar it imago fan It_Hearrenfean. Ek soe it goed wêze foar de ûnderwiisfoarsjennings.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)