Nij dakleazepensjon yn Snits

Dakleazen Snits hoege no mear bûten te sliepen
Snitser dak- en thúsleazen hawwe wer in plakje yn 'e stêd. Freed waard dêr it nije Sosjaal Pensjon iepene. Dêr kinne 24 minsken wenje. Der is no al in wachtlist, mar as it goed is krije de bewenners harren libben gau wer op 'e rit en streame sy troch nei gewoane wenten.
Minsken mei akute problemen kinne ek yn it pensjon telâne. Yn 'e winter binne der ekstra bêden beskikber sadat net mear bûtendoar hoecht te sliepen.