Man oppakt foar húsfredebreuk

21 apr 2007 - 14:00

In man út Ljouwert (33) hat freed twa kear besocht in wente oan De Tijen yn te kommen wylst de bewenster dat net woe. De earste kear skopte er in rút yn. De frou flechte doe nei de boppeferdjipping en de fertochte naaide út. In sykaksje fan de plysje smiet neat op.

By de twadde kear koe de plysje de fertochte nei in koarte sykaksje wol oanhâlde. Nei alle gedachten leit de oanlieding yn 'e relasjonele sfear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)