Littenseradiel alderfeilichst

Gemeentehûs yn Littenseradiel
Littenseradiel is de feilichste gemeente fan Nederlân. Dat docht bliken út de jierlikse misdiemjitter fan it Algemeen Dagblad. Opsterlân, Gaasterlân-Sleat, Wymbritseradiel en Ferwerderadiel stean yn de top 10.
Yn 'e top 100 fan ûnfeilige gemeenten komt Fryslân mar ien kear foar. Dat is Ljouwert mei it 64e plak. Ferline jier stie Ljouwert noch op plak 27. Ek Snits en It Hearrenfean stean leger yn op de ranglist ûnfeilichste gemeenten.