Jan Brander rydt wrâldrekord

20 apr 2007 - 22:20

Jan Brander hat freedtejûn in nij wrâldoererekord fytst yn de kategory 60+. Op de baan fan Alkmaar ried de 60-jierrige ynwenner fan Oerterp 43 kilometer en 370 meter. It âlde rekord stie mei 41,719 kilometer op namme fan de Italiaan Franco Gagliardoni.

Foar it rekord liet Brander him sponsorje. De opbringst fan 12.000 euro giet nei de bewenners fan Toermalijn yn Roden. Dat is in wenfoarm foar mearfâldich handikapten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)