'Teeltfrije sône net breder'

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean moat yn it bestimmingsplan bûtengebiet ôfsjen fan in teeltfrije sône fan 3 meter foar de leelje-teelt. Dat fynt de ôfdieling Hearrenfean fan LTO Noard.
Der jildt no in teeltfrije sône fan 1 meter 50 en dat is genôch, seit LTO. Sa'n sône is nedich yn ferbân mei it gif dat spuite wurdt. By in teeltfrije sône fan 1 meter 50 is der gjin skea foar it miljeu, seit LTO Noard. Mar Hearrenfean wol nei 3 meter ta.