Belofteteam op eigen fjild
It belofteteam fan sportklub Hearrenfean spilet de bekerfinale net yn Waalwyk, mar yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Gewoanwei is de bekerfinale op neutraal terrein, mar Hearrenfean wol graach yn it Abe Lenstra stadion spylje.
It fuotbalbûn en Stormvogels/Telstar giene dêrmei akkoart. It is noch net dúdlik hoe let de wedstriid begjint.