Mear winst foar NDC/VBK

© Omrop Fryslân
Utjouwer NDC/VBK hat ferline jier syn winst ferhege. De útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante en in grut tal hûs-oan-hûsbleden hat 8,1 miljoen euro winst makke. Yn 2005 wie it nettoresultaat 5,2 miljoen euro .
It tal wykabonneminten fan de LC is sakke. Dat wurdt diels kompenseard troch mear wykeinabonneminten. De advertinsjeferkeap en de omset út de oplage is by de dei- en wykblêden tanaam.