Fertochten oppakt mei drugs

20 apr 2007 - 11:12

De plysje yn Ljouwert hat freed betiid yn in hoarekasaak yn it sintrum in Ljouwerter (34) en in ynwenner (27) fan Lelystêd oanhâlden. Se wurde fertocht fan mishanneling en it hawwen fan harddrugs.

Oanlieding wie dat in ynwenner (22) út Deventer net goed waard yn de hoarekasaak. Mooglik wie der wat yn syn drinken dien. Hy is nei it sikehûs brocht. Op oanwizing fan tsjûgen koe de plysje de fertochten pakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)