Man skopt troch ko

20 apr 2007 - 11:05

Yn Garyp is tongersdei in man fan 83 jier ferwûne rekke doe't er skopt waard troch in ko. De man wie de greide yngien om't er wat lizzen seach. It die bliken dat it om in kealtsje gong dat krekt berne wie.

De man woe it kealtsje wat fierder besjen, mar waard doe skopt troch in ko. In omstanner warskôge de helptsjinsten. De man is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)