Fernielers Noardburgum oppakt

20 apr 2007 - 11:03

In grut tal fernielingen yn Noardburgum liket oplost te wêzen mei de oanhâlding fan 19 jongeren. Se binne tusken de 14 oant 18 jier. De fernielings waarden dien fan novimber 2006 oantemei febrewaris 2007.

Se fernielden boarterstastellen, banken, beammen en lantearnepeallen. De jongeren komme út doarpen om Noardburgum hinne. Fiif fan har moatte foar de bernerjochter komme. De oaren krije in taakstraf fan buro Halt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)