'Profitearje fan fergrizing'
Opsterlân kin yn de takomst profitearje fan de fergrizing. Dat waard tongersdei sein op in gearkomste mei trije professoaren en in universitêr dosint.
Se sieten by elkoar om de gemeente te helpen mei in fyzje op de takomst oant en mei 2015. Op de jûn waard dúdlik dat Opsterlân yn alle gefal ynsette moat op de wurkgelegenheid yn de tsjinstferlieningssektor.