Arriva set bussen yn

20 apr 2007 - 10:19

Ferfierder Arriva set dit wykein bussen yn tusken Snits en Starum. De normale treinferbining leit der út om't der in stoomtrein rydt fan it Modelspoarmuseum yn Snits. De bussen komme op alle stasjons útsein Drylts. Dêr ride taksybuskes.

As kontrast mei de âlde stoomtrein lit Arriva de nije Spurttrein ride op it trajekt Snits-Ljouwert. Dy trein sil dêr pas fan 't simmer ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)