Wer leechfleanen by Lauwersmar

20 apr 2007 - 10:14

By oefeningen yn de Marnewaard by Lauwersmar wurdt nije wike wer leech flein. De F-16's meie op guon plakken tusken de 150 en 75 meter fleane en de helikopters meie 50 meter of leger.

De oefening Cold Igloo 2007 wurdt útfierd mei minsken fan de lânmacht op de grûn dy't doelen trochjouwe. De helikopters oefenje yn it opheljen en ôfsetten fan minsken en masines. Boppe de Lauwersmar en de Waadsee moatte se heger fleane fanwegen de natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)