SP wol net ûnderhannelje

© Omrop Fryslân
De SP wol net meiprate oer de foarming fan in nij provinsjaal kolleezje. De steatefraksje seit him net finen te kinne yn it koersdokumint dat de partijen CDA en PvdA opsteld hawwe. Yn it koersdokumint hawwe dy beide partijen opskreaun hoe't sy tinke oer de takomst fan Fryslân. Yn it stik stiet dat grutte ynfrastrukturele projekten lykas de Sintrale As trochgean moatte. De SP is it dêr perfoarst net mei iens.