Topkuorbal kin yn Fryslân

19 apr 2007 - 23:26
Foto: Omrop Fryslân

Der is plak foar in tredde kuorbaltopclub yn it Noarden en dan benammen yn Fryslân. Dat fûn fierwei it grutste part fan de minsken tongersdei op de kuorbal-diskusjejûn yn it Abe Lenstra stadion.

Yn it Noarden spylje lânskampioen DOS'46 fan Nijeveen en Nic út de stêd Grins op it alderheechste nivo: de kuorballeague. Fryslân hat gjin feriening op dat alderheechste nivo en dat moat en kin oars.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)