Talint FC Boppeslach yn Oranje

Ien fan de talinten fan FC Boppeslach mei mooglik takom wike meispylje mei it Nederlânsk frouljusfuotbalteam. It soe neist Sherida Spitse en Loes Geurts de tredde Friezinne wurde yn it frouljusalvetal.
FC Boppeslach wie foar de gelegenheid gearstald troch skouts fan Omrop Fryslân. De 13 talinten kamen woansdei út tsjin in seleksje fan Hearrenfean. Dy wûnen mei 1-0. De namme fan de 3e spylster wurdt nije wike bekend makke.