Oanhâldings foar sjitterij

© Omrop Fryslân
Twa Ljouwerters fan 17 en 32 binne tongerdei oanholden om't se fertocht wurde fan it bedriigjen fan in 18- jierrige Ljouwerter mei in pistoal. It is noch net dúdlik oft der sketten is. It ynsidint barde tichtby vmbo-skoalle Piter Jelles oan de Nijlânsdyk.
De jonge fan 17 hold it slachtoffer ûnder skot, mar dy koe it pistoal ôfpakke. Hy flechte doe de skoalle yn en koe de plysje belje. De jonges krigen woansdei spul op 'e merke.