15 klachten deis Connexxion

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Connexxion krijt sûnt moandei sawat 15 klachten deis oer de nije tsjinstregeling fan de bus. Dy klachten gean fral oer bussen yn it noardwesten fan de provinsje.
Rûte 70 riidt bygelyks noch mar oant Sint Anne, it stik oer Sint Jabik nei moaie peal is skrast. By bus 97, fan Frjentsjer nei Ljouwert, binne ritten bûten de spits skrast. By de provinsje binne mei-elkoar sawat tsien klachten binnenkommen.