Sel foar ferkrêfter Eastrum

19 apr 2007 - 14:47

In ynwenner fan Grins is tongersdei troch de rjochtbank feroardiele ta 2,5 jier sel. Neffens de rjochtbank is de man ferantwurdlik foar it ferkrêftsjen fan in famke út Eastrum.

It doe 13-jierrige famke waard ein ferline jier misbrûkt doe't se ûnder- weis wie nei skoalle. De dieder- beskriuwing fan it famke en de spoaren fan syn autobannen meitsje dat de rjochtbank der wis fan is dat de Grinzer de dieder is. Hy sels ûntkent.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)