Muzykskoalle Balk bestellen

19 apr 2007 - 13:57
Muzykskoalle foar 30 tûzen euro dupearre

By in ynbraak yn muzykskoalle Ritmyk yn Balk is foar ûngefear 30 tûzen euro oan apparatuer meinommen. Hast alle ynstruminten en lûdsprekkers binne moandeitenacht meinommen út de skoalle op it yndustryterrein. De skoalle hie in soad ynstruminten by elkoar set fanwege in repetysje foar in konsert.

Wa't ferantwurdlik is foar de ynbraak wurdt op dit stuit ûndersocht troch de plysje. It is net dúdlik hoe't der krekt ynbrutsen is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)