Ljouwert hat callcentre

19 apr 2007 - 12:03

Ljouwert set in profesjoneel belsintrum op om boargers mei fragen en klachten better fan tsjinst te wêzen. De gemeente hat in spesjaal servicenûmer foar syn ynwenners. Dochs kinne minsken dêr faak net dalik antwurd op har fraach krije.

Fragen moatte gauris troch amtners útsocht wurde en dat is net de bedoeling. Troch in profesjoneel callcentre yn te rjochtsjen moatte Ljouwerters earder holpen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)