Sven Kramer hat Pfeiffer
Reedrider Sven_Kramer fan Aldskoat hat de sykte fan Pfeiffer. Dat is woansdei konstateard. Neffens syn teamarts giet it om in lichte foarm.
Sven soe sneon de Ronde fan Súd-Fryslân fytse. Nei alle gedachten giet dat net troch. Hy sil takom wike wol gewoan mei op trainingskamp as tarieding op it folgjende seizoen.