Westra fjirde yn Frankryk

18 apr 2007 - 21:55
Foto: Omrop Fryslân

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is woansdei yn de earste etappe fan de Tour du Loir-et-Cher fjirde wurden. De etappe oer 167 kilometer fan Blois nei Billy einige yn in massasprint. De Switser Alain Lauener wie de rapste, foar de Belch Jurgen Roelandts en de Deen Morten Reckweg.

Lieuwe Westra en syn ploechmaten fytse noch oant en mei sneon yn dizze Frânske etappekoers.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)