Ynboargeringsskoalle iepene

18 apr 2007 - 17:51
Foto: Omrop Fryslân

Op it asylsikerssintrum fan Appelskea is ynboargerskoalle De Sprong iepene. Op sa'n skoalle kinne asylsikers mei in ferbliuwsfergunning in ynboargeringskursus folgje. Sa'n 45 minsken folgje 13 wiken lang alle dagen de kursus.

Foarhinne koe in asylsiker pas mei de kursus begjinne as hy of sy in hûs tawiisd krigen hie. Sûnt 1 jannewaris kin fuortendaliks nei it krijen fan de fergunning mei de kursus begûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)