Grutte brân by LPF Ljouwert

De brânwacht hie woansdeitemiddei de brân yn it gebou fan it eardere Ljouwerter papierfabryk oan de Tesselschadestrjitte ridlik gau ûnder kontrôle. De korpsen fan Ljouwert, Boarnsterhim, Dokkum, Grou, Menaam en Marsum wiene ynset om't der asbest yn it gebou sit. Der drige lykwols gjin gefaar foar de omjouwing.
It LPF is ein ferline jier ferhuze. It lege gebou soe sloopt wurde. Der waarden earder brantsjes yn sticht.