Andriesen: 'gjin bedroch'

18 apr 2007 - 12:45

It idee om yn de takomst mooglik sâlt te winnen ûnder de Waadsee, is gjin kiezersbedroch. Dat stelt PvdA-lieder Andriesen yn in reaksje op in beskuldiging fan deputearre Bijman.

De ôfskie nimmende CDA'er fynt dat Andriesen de ynwenners fan Noardwest-Fryslân bliid makket mei in deade mosk, troch te sizzen dat de sâltwinning ûnder it fêste lân ophâlde moat. Andriesen en ek CDA-lieder Galema seinen dat ferline wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)