Brochje Drachtster winkellju

Winkeliers oan it Raadhuisplein yn Drachten binne ûntefreden oer it tempo fan de opknapbeurt fan it sintrum. Sawat hûndert ûndernimmers wiene woansdeitemoarn te gast yn de riedsseal fan Smellingerlân foar in moarnsbrochje oer it Drachtster plan.
It Drachtster sintrum krijt de kommende jierren in sawat 90 miljoen euro kostjende opknapbeurt. It brochje wie bedoeld om by te praten oer de stân fan saken fan dy plannen.