Nije dugouts by SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean krijt nije dugouts yn it Abe_Lenstrastadion. De stuollen binne foarsjoen fan ferwaarming. Ek is it logo fan Hearrenfean te sjen op de sitplakken foar de thúsploech.
Nei ôfrin fan dit seizoen wurde de nije dugouts pleatst. By it EK foar spilers ûnder de 21 jier wurde se yn gebrûk naam. Yn totaal komme der 34 sitplakken yn de nije dugouts foar de thús- en útspyljende clubs.