Blamanhûs hat ferhúsplannen

© Omrop Fryslân
It Anna_Blamanhûs yn Ljouwert makket op 'e nij plannen foar in ferhuzing. In jier as fjouwer lyn wie ek al sprake fan in ferhuzing nei it gebou fan Tresoar, mar dat is net trochgien.
It Anna_Blamanhûs hat it grutste argyf fan de wrâld as it giet om boeken, tiidskriften en oare publikaasjes oer homoseksualiteit. Dizze wike fiert it har 25-jierrich bestean. In ferhuzing nei in oare lokaasje moat it argyf better sichtber meitsje.