Caravans Sleat ferhúzje

18 apr 2007 - 11:05

Sawat 30 stacaravans sille nije wike ferhúzje fan de iene nei de oare camping yn Sleat. Camping De Lemsterpoart yn Sleat is ferkocht oan in projektûntwikkelder. Dêrom sochten in soad fêste gasten in nij plakje yn de omkriten. Dat wie net ienfâldich, want in soad campings sitte fol.

De_Jerden yn Sleat hat in fergunning oanfrege foar útwreiding en nei oardel jier is dy rûn. De 30 chalets wurde mei twa kranen en in djiplader ferhuze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)