Spilers moatte te fier rinne

17 apr 2007 - 17:44

Fuotbalclub Burdaard sit yn de problemen. De fjilden fan de club moatte wike foar nijbou en de gemeente hat de club in oare lokaasje oanbean. De klaaikeamers soene yn in nij multifunsjoneel sintrum komme moatte. Mar de ôfstân nei it fjild is dan fierste grut. De spilers moatte in hiel ein rinne.

Neffens de gemeente moat it wol sa, want oars komt de subsydzje yn gefaar. De KNVB giet net akkoart mei de ôfstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)