Minder muskusrotten fongen

17 apr 2007 - 17:32

Wetterskip Fryslân hat ferline jier folle minder muskusrotten fongen as it jier dêrfoar. Yn 2005 wiene it der 36.000, ferline jier 27.000. Dat is goed nijs neffens it wetterskip, omdat it betsjut dat der minder muskusrotten binne.

De lêste jierren wiene de fangstsifers stabyl. De ferwachting is dat de daling trochset en dat der dit jier noch mar 22.000 muskusrotten yn de fal rinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)