Iel útset yn Fryske wetters

17 apr 2007 - 17:21

By De_Gaastmar en Makkum wurde freed 50.000 stiks ieltsjes útset yn de natuer. De aksje is op tou set troch twa fiskers en in ielkweker yn Berltsum. Se wolle dêrmei in sinjaal ôfjaan oan de polityk.

It giet al jierren min mei de ielstân. Politisy yn Brussel slagje der mar net yn om mei in aksjeplan te kommen. It útsetten fan kweekte iel soe de ielstân wer wat opkrikke kinne, fine de inisjatyfnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)